'Wetterhoazen bysûnder'

26 jun 2014 - 12:37
  • Wetterhoas It Amelân

Waarman Pyt Paulusma neamt de grutte wetterhoazen by de Waadeilannen bysûnder. It komt net faak foar dat se mei safolle tagelyk en sa grut binne. Paulusma ferwachtet dat soks de kommende jierren faker foarkomme sil. Dat komt omdat it seewetter warmer wurdt.

Mooglik ûntstean tongersdeitemiddei noch in pear wetterhoazen by de eilannen. Yn de rin fan de middei wurdt de loft stabiler, seit Paulusma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)