Wetterfrontplan yn Dongeradiel

20 sep 2012 - 12:09

De gemeente Dongeradiel wol 20 miljoen euro út it Waadfûns om it wetterfront fan Dokkum oanpakke te kinnen. De kosten fan dat projekt binne hast 43 miljoen. Neist it wetterfront fan Dokkum, wol de gemeente ek mear wettersporters nei Ie en Eanjum lûke. Dêrom moatte de fearten en brêgen oanpakt wurde.

De bydrage fan it Waadfûns is krusiaal. Komt it jild der net, dan sil Dongeradiel him op de plannen beriede. De oare helte komt partners lykas de provinsje of de NAM.

As de bydrage fan it Waadfûns der komt, kin takom jier de skeppe al de grûn yn. It is de bedoeling dat it projekt yn 2018 klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)