Wetterfront Dokkum úteinset

04 jul 2014 - 21:00

Dokkum is úteinset mei it projekt Súd Ie en Wetterfront Dokkum. By de start waard in app presinteard dêr't boatsjeminsken foar wetter en stroom mei betelje kinne. Doel fan it projekt is om de berikberheid fan Dokkum oer it wetter te ferbetterjen, sadat der mear toeristen komme.

Yn gearwurking mei de provinsje en Wetterskip Fryslân wurdt bygelyks de farwei rjochting de Lauwersmar breder makke, de grêften yn de stêd baggere en der komme mear toiletten en oanlisplakken mei wetterleiding en stroompunten.

De brêgen wurde safolle mooglik op in farhichte fan 2.50 meter brocht, sadat se oanslute by de brêgen yn de Noardlike Alvestêderûte. De kosten wurde rûsd op 18,5 miljoen euro. Dongeradiel betellet 2.4 miljoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)