'Wettereksperimint' by De Jouwer

01 feb 2001 - 10:10

By de Bloksleatpolder by De Jouwer is de provinsje woansdei begûn mei in unike proef foar de berging fan bûtenwetter. Sa'n 84 bunder natuergebiet wurdt twa wiken lang ûnder wetter setten.

It ûndersyk moat dúdlikheid jaan oer de wetterkwaliteit en de gefolgen foar bisten. It eksperimint is foar de provinsje needsaak omdat de wetteroerlêst de lêste tiid hieltyd grutter wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)