Wetterboartersplak te smoarch

17 jul 2007 - 16:07
  • It wetterboartersplak is leechpompt

By it wettersboartersplak yn stedsrekreaasjegebiet De Portmarge yn Ljouwert kin net swommen wurde. Der leit in soad ôffal yn it ûndjippe wetter, benammen glês en blik. Gemeentewurkers hawwe it gebiet ôfset om it skjin te meitsjen. It wetter is fuortpompt en de boaiem wurdt ôfgroeven mei in kraan.

It wurk ferrint goed. As it sa trochgiet, kin der fan takom wike ôf wer swommen wurde op it plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)