Wetterboartersplak fersmoarge

29 jul 2010 - 17:25
  • It boartersplak waard ek alris leechpompt (foto: Omrop Fryslân)

Yn it wetterboartersplak De Potmarge by Ljouwert mei it hiele wykein net swommen wurde. It swimplak is sûnt de iepening yn 2004 al faak sletten. Wetterskip Fryslân hat dizze kear de enterokokke-baktearje oantroffen yn it wetter. Dêr kinne minsken pineholle, koarts, earûntstekkings of maach- en darmklachten fan krije. Wa't klachten krijt, wurdt advisearre kontakt op te nimmen mei de húsdokter.

De gemeente hat in warskôgingsboerd by it swimplak delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)