Wetterberging: hongerige fugels

04 sep 2004 - 10:20

Wetterberging yn Fryske natuergebieten is goed mooglik. Grut neidiel is wol dat greidefûgels dan minder goed oan fretten komme kinne. Dat konkludearret it ûndersyksburo Altenburg en Wijmenga.

It buro hat ûndersyk dien nei wetterberging. De diskusje hjiroer is wer aktueel wurden nei de swiere reinbuien fan de ôfrûne tiid. It Wetterskip Fryslân hat ferskate plannen foar nije wetterbergingsgebieten yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)