Wetterbedriuwen dogge it goed

04 feb 2013 - 12:27

It tal wettertechnologybedriuwen yn Ljouwert sit yn de lift. Ek midden yn de krisis komme der noch altyd begjinnende bedriuwen by. Ferline wike waard bekend dat ien fan dy begjinnende bedriuwen, Capilix, yn ien kear groeit fan 7 nei 50 meiwurkers.

De Water Alliance, de oerkoepelende organisaasje fan wettertechnologybedriuwen, is wiis mei de groei. Neffens harren folje de Ljouwerter bedriuwen in gat yn de ynternasjonale merk. Der binne noch altyd in soad problemen mei wetter yn de wrâld en dizze bedriuwen binne op syk nei oplossings.

Ek ynternasjonaal falt dat op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)