Wetter yn swimbaden wurdt better

29 aug 2003 - 00:00

Goed trijekwart fan de Fryske swimbaden foldocht oan de easken fan wetterkwaliteit en hygiêne. Dat hat freed bliken dien by de útrikking fan de swimbadfinjetten yn Stiens.

Opfallend is dat net-iepenbier tagonklike swimbaden yn bygelyks sauna's en sportskoallen minder goed skoare as de rest. Tsien jier lyn waarden de finjetten foar it earst útrikt. Doe krige mar in kwart fan de Fryske swimbaden it keurmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)