Wetter yn parkeargaraazje H'fean

20 apr 2006 - 10:16

De parkeargaraazje op it Geerts Willigenplein op It Hearrenfean hat it djipste punt berikt. Der is lykwols allinnich mar in bak mei wetter te sjen. It plein leit al in skoft op 'e kop en dat sil ek noch wol in jier sa bliuwe.

It gat stiet fol wetter om't oars de grûn fersakket en dat soe in ramp wêze foar de huzen om it plein hinne. Ynkoarten wurdt de betonnen flier stoarten en it gat leechpompt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)