Wetter yn parkeargaraazje

27 maaie 2014 - 15:41
  • Wetter yn nije parkeargaraazje yn Drachten

Troch in kapotte pomp is moandeitejûn wetter yn de parkeargaraazje ûnder it Riedhúsplein yn Drachten rûn. De plakken dêr't it measte wetter stie, binne mei linten ôfset.

Der is neffens de gemeente Smellingerlân gjin skea ûntstien oan de garaazje of de parkearde auto's. Of de wetteroerlêst noch wat te krijen hie mei de buien, kin in wurdfierder fan de gemeente net sizze. De parkeargaraazje is yn maart yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)