Wetter yn Drachtsterfeart

11 jul 2014 - 11:36
  • Freedtemoarn waard de fuotgongersbrêge pleatst
  • Drachtsterfeart

Yn Drachten is freedtemoarn in fuotgongersbrêge oar de Drachtsterfeart pleatst. Oannimmer Van der Wiel hat freed de hiele dei drok dwaande west om alles ôf te montearjen. Fan freedtejûn ôf kin de brêge troch fuotgongers brûkt wurde.

Fierder wurdt dizze dagen ek it earste wetter yn de earste helte fan de feart litten. De pomp hat nei alle gedachten oant snein wurk om it wetter op peil te krijen. Nije wike woensdei wurdt de fuotgongersbrêge offisjeel iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)