Wetter wer út opfangpolders

10 jan 2012 - 16:56

It peil fan de Fryske boezem is wer normaal en dat betsjut dat de skuven yn de polders dy't mei opsetsin ûnder wetter set binne, wer omheech kinne. Krekt as ferline wike, mar mei dit ferskil dat it wetter no de oare kant út streamt, de polder út en de boezem yn. By Mildaam wie in miljoen kúb wetter opslein yn in polder, wêrtroch't it wetterpeil om de polder hinne sakke.

Moandei helle Johan van de Akker fan it wetterskip de skuven yn de polder tusken Wolvegea en It Hearrenfean wer omheech en koe it wetter werom yn de Tsjonger streame.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)