Wetter troch V.d Helmstrjitte

20 feb 2008 - 12:44

In strjitte yn Ljouwert krijt takom jier in wetterbûlevaar. Yn de Krijn van den Helmstrjitte komt yn de dyk in goat fan 200 meter mei wetter.

It plan is de ôfsluting fan it projekt Urban Water Cycle dat yn de ôfrûne moannen yn de Frijheidswyk opset is. Mei Europeesk en lokaal jild is in nij haventsje oanlein, in nij kanaal groeven en is de trochstreaming fan it wetter ferbettere. Yn 2009 moat de wetterbûlevaar klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)