Wetter pompe tsjin de droechte

24 apr 2003 - 00:00

Wetterskip Marne Middelsee is op it stuit dwaande om wetter út de Fryske boezem wei yn 'e sleatten te pompen. Omdat it wetterskip wend is om it wurk oarsom te dwaan, út de sleatten nei de boezem ta, moatte meiwurkers alle skowen fan 'e ynlitten by del en mei de hân iepensette.

Wetter út 'e boezem de polders ynpompe binne se net wend by Marne Middelsee. Foarsitter Miedema tinkt dêrom dat it net automatisearre wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)