Wetter op lân in sukses

01 jun 2011 - 20:45
  • Foto: Omrop Fryslân

Sa'n 40 boeren hawwe reagearre op in oprop fan it bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW en lânbou-organisaasje Boerennatuur om wetter op harren lân te pompen. De organisaasjes hiene yn it foar op 20 dielnimmers rekkene.

Wetter op it lân en yn greppels moat de fûgels helpe by it brieden. Der wurdt noch ûndersocht oft it wetterpeil tenei net earder omheech moat. De boeren krije in fergoeding fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)