Wetter noch heger: oerlêst

03 jan 2012 - 18:39

Wetterskip Fryslân stelt woansdei it kalamiteitenplan yn wurking. Dat hat te krijen mei it hege wetter. It wetter stiget hurder as ferwachte. Polders sille ûnder wetter setten wurde om al it wetter op te fangen.

Yn Ljouwert wurdt in aksjesintrum ynrjochte. Fan hjir út wurdt alles ekstra goed yn de gaten hâlden. It wetterpeil stiet no 14 sentimeter boppe normaal, dêr komt noch 10 sentimeter by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)