Wetter makliker suverje

11 apr 2011 - 22:54
  • boarne: www.betonpleats.nl

Boeren kinne tenei ôffalwetter makliker suverje. In systeem dêrfoar is de ôfrûne pear jier ûntwikkele by de pleats fan Lucas Westra yn Aldemardum. Al it wetter dat fan it hiem ôfrint, moat skjin wêze. Fia in buizesysteem ûnder it hiem wurdt alles opfongen yn in bassin yn in sleat. Dêr wurdt it skjinmakke en dan kin it loasd wurde op it oerflaktewetter.

De provinsje hat subsydzje beskiber steld om it systeem fierder te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)