Wetter Iselmar op heech peil

27 apr 2011 - 17:03
  • It Hooglandgemaal by Starum

It wetter yn de Iselmar stiet op dit stuit op it heechst mooglike peil. Dy previntive maatregel fan RWS is naam foar it gefal dat de droechte noch folle langer oanhâldt. It bart wol faker, mar hast nea sa betiid yn it jier. Oars komt it wat stadiger op gong yn ferbân mei it groeien fan de gewaaksen hjir.

Op it stuit komt der de helte minder wetter troch de Isel yn de Iselmar. Dêrom binne de sluzen yn de Ôfslútdyk ek tichtset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)