Wetter brún troch slibloazing

09 okt 2010 - 10:48
  • It wetter yn Akkrum hat de kleur fan kofje

It wetter fan de Boarn yn Akkrum kleuret readbrún troch slib dat út de kelders fan it Leppa-akwadukt spield is. By it skjinmeitsjen fan de opfangkelders is freedtemiddei it smoargens yn de kelders fia it oerstoart yn it oerflaktewetter kaam. Of dat troch in defekt of troch in flater komt, is noch ûndúdlik.

Neist it rustige slib, binne der neffens de mjittingen gjin gefaarlike stoffen mear fuortstreamd. Oer inkele hûnderten meters is it wetter ferkleure.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)