Wetter begjint te sakjen

07 jan 2012 - 13:09
  • De Tsjerk Hiddesslûzen by Harns

It Wetterskip Fryslân kin op hieltyd mear plakken it wetter kwyt. Sa wurdt der wetter spuid fan de Lauwersmar nei de Waadsee. Mar ek de Tsjerk Hiddesslûs en de gemeenteslûs by Harns stean iepen. Dêrtroch sakket it peil yn de Fryske boezem. Wetterskip Noorderzijlvest by Gaarkeuken yn Grinslân hat kapasiteit ek frijmakke om wetter út Fryslân te spuien.

De ferwachting is dat fan sneintemiddei ôf it spuien fan wetter wer op in normaal nivo is. Op dit stuit wurde noch wol folop ynspeksjes útfierd. Dêrby is ek help ynroppen fan meiwurkers fan wetterskippen út it hiele lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)