Wetter bedriget leagenbank

16 feb 2005 - 21:54

De leagenbank fan Grou driget yn de mar te ferdwinen. De brûkers ha it hokje, op de hoeke by de Pikmar en it kanaal, fan 't simmer sels noch kreas opknapt. It is doe 'de Twadde Keamer' doopt. Want foar guon is de bank nei de húskeamer it wichtichste plakje.

Mar mei heech wetter spielt de mar de Grousters no hast om 'e ankels en dat is foar it hawwen fan in goed petear net ideaal. De besikers hoopje dat de gemeente Boarnsterhim, aksje ûndernimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)