Wetsus wol mear Fryske banen

18 okt 2010 - 07:40

Wettertechnologysk ynstitút Wetsus wol de basis wêze foar de nije ûntwikkeling fan de Fryske ekonomy. Dat sei direkteur Johannes Boonsta by it úteinsetten fan it jierlikse kongres fan Wetsus yn skouboarch de Harmonie yn Ljouwert.

Om Wetsus hinne binne 15 nije bedriuwen ûntstien, dêr't mei-inoar 100 man wurkje. Boonstra hopet dat de Fryske yndustry meiprofitearret troch oarders foar it meitsjen fan produkten dy't by Wetsus ûntwikkele binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)