Wetsus útwreide mei advysburo's

11 apr 2005 - 22:57

Advysburo's Grontmij, Royal Haskoning en DHV nimme diel oan wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert. Foar Wetsus is dat weardefol om't de buro's de fragen út de praktyk fan de wettersektor trochspylje kin.

De buro's wolle troch Wetsus dielnimme oan it netwurk fan universiteiten, yndustrieën en technologyske bedriuwen op it gebiet fan wetter. Grontmij, Haskoning en DHV binne alletrije advysburo's op dat gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)