Wetsus: nije mastersoplieding

23 apr 2008 - 09:49
  • It laboratorium fan wetterûndersysksynstitút Wetsus

Fryslân krijt wer in akademyske oplieding. Wetterynstitút Wetsus set yn septimber út_ein mei in spesjale mastersoplieding wettertechnology. Dy is opset troch de universiteiten fan Grins en Wageningen. It is de bedoeling dat de oplieding de studinten rûmom út Europa weihellet.

De provinsje en de gemeente Ljouwert ynvestearje meiïnoar 2,3 miljoen euro yn it projekt. De oplieding wurdt ûnderbrocht yn it Van_Hall-Ynstitút. De stúdzje sil twa jier duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)