Wethâlders net wiis mei dualisme

28 okt 2004 - 11:37

Wethâlders yn Fryslân wurde net gelokkich fan it dualisme. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Fryske Akademy. Se ha de wethâlders frege hoe't sy it dualisme belibje. De measte wethâlders fine dat de spjalt mei de gemeenteried grutter wurden is.

Dêrneist is der ûnder de wethâlders grutte tsjinstân tsjin it beneamen fan bestjoerders fan bûten de ried. De wethâlders binne ek hast allegear tsjin de keazen boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)