Wethâlders nei Lúksemburch

08 okt 2000 - 14:44

De wethâlders Brok en Bilker fan de gemeente Ljouwert ha sneon de troanwiksel yn Lúksemburch bywenne. Se fertsjintwurdigen de Fryske haadstêd as Nassaustêd.

Gruthertoch Jan van Nassau die nei 36 jier ôfstân fan de troan. Syn soan Henri folge him op. De seremoanje, dy't keningin Beatrix bywenne, wie sober om't in broer fan Henri krekt út koma bykommen is nei in slim auto-ûngemak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)