Wethâlders Harns ynstallearre

09 jul 2010 - 09:57

Harns hat tongersdeitejûn as lêste gemeente yn Fryslân twa nije wethâlders ynstallearre. Dat binne Maria le Roy út Hulst en Jan de Boer út Zwaag. Beide wethâlders krigen de stipe fan 9 riedsleden, wylst 7 riedsleden tsjin harren stimden.

De opposysje kaam by de stimming oer Jan de Boer mei in tsjinkandidaat. Dat wie de sittende wethâlder Frans Zomers. Hy helle it sadwaande krekt net en gie fuort nei de stimming de riedsseal út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)