Wethâlder Zoodsma ferstoarn

31 des 2006 - 08:34

Wethâlder Hans Zoodsma fan Gaasterlân-Sleat is sneontemoarn betiid ferstoarn as gefolch fan in harsenflies- ûntstekking. Hy wie wethâlder sûnt april '06.

Zoodsma wie de earste wethâlder yn Gaasterlân-Sleat dy't beneamd wie fan bûten de ried. Hy bleau wol wenjen yn Snits, dêr't hy 20 jier yn de ried sitten hat. Hans Zoodsma is 64 jier wurden. De nijjiersresepsje dy't pland stie foar 4 jannewaris giet net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)