Wethâlder Zomers nimt ôfskied

23 aug 2010 - 21:41

Wethâlder Frans Zomers fan Harns hat moandeitemiddei offisjeel ôfskied nommen. Zomers hat trije jier wethâlder west en kaam geregeld yn it nijs nei oanlieding fan de bou fan de ôffaloven yn Harns. Benammen nei de útstjoering fan Zembla oer dy oven kaam Zomers ûnder fjoer te lizzen.

Nei de gemeenteriedsferkiezings fan dit jier wie der neffens de nije koalysje gjin plak mear foar Zomers as wethâlder. Zomers hat ûndertusken in nije baan fûn, ek wer yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)