Wethâlder yn rolstoel troch Balk

24 apr 2003 - 00:00

Wethâlder De Boer fan Gaasterlân-Sleat hat tongersdei in rit troch Balk makke yn in rolstoel. Hy woe sa útfine oft de Van Swinderenstrjitte in bytsje aardich te berikken is foar handikapten.

Earder krige De Boer noch in soad krityk oer de ynrjochting fan de strjitte op in gearkomste oer de ferkearsfeiligens yn it doarp. Hy moast tajaan dat der ien en oer ferbettere wurde kin. De Boer sil it der mei de ried oer hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)