Wethâlder yn rolstoel troch Balk

22 apr 2003 - 00:00

Wethâlder De Boer fan de gemeente Gaasterlân-Sleat sil no tongersdei yn in rolstoel troch de Van Swinderenstrjitte yn Balk ride. Hy docht dat omdat by in byienkomst oer de ferkearsfeiligens yn it doarp in soad krityk kaam fan handikapten oer de ynrjochting fan de strjitte.

De Boer wol sels mei in rolstoel troch de strjitte ride om te ûnderfinen hokker swierrichheden de handikapten allegear tsjinkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)