Wethâlder wol N31 ûndertunnelje

13 des 2005 - 15:15

Wethâlder Waaijer fan Harns wol de N31 fan Surch nei Harns ûndertunnelje. It trasee wurdt ferdûbele en de gemeente Harns en de provinsje hawwe in foarlopich ûndersyk ynsteld. In tunnel is dêrby ien fan de mooglikheden.

De 4 km lange tunnel is it djoerst mei 300 miljoen euro. Goedkeapst is in ekstra rydstrook foar 70 miljoen. It ûndersyk moat noch fierder útwurke wurde. Oer in pear moanne moat dat klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)