Wethâlder Visser fuortstjoerd

09 sep 2010 - 22:09
  • Wethâlder Gelly Visser (midden)

Wethâlder Visser fan Ljouwerteradiel is tongersdeitejûn fuortstimd. In moasje dy't har ôftreden frege waard oannommen mei 9 stimmen foar en 6 tsjin. De partijen CDA, FNP en Gemeentebelangen wiene foar, de VVD en har eigen partij de PvdA stimden tsjin en woene dat se oanbliuwe soe.

De wethâlder hoecht net fuort omdat se grutte flaters makke hat, mar omdat de oare partijen it net iens binne mei de opstelling fan de PvdA oer de gearwurking mei oare gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)