Wethâlder út partij stapt

17 feb 2005 - 18:49

Wethâlder Jonkers fan Boarnsterhim stapt út Gemeentebelangen. Hy bliuwt wol oan as wethâlder. Oanlieding is de beslútfoarming oer de brede skoalle yn Akkrum. Jonkers syn Gemeentebelangen stimde tiisdei tsjin in útstel fan it kolleezje om de nije skoalle yn Akkrum-East te bouwen.

Gemeentebelangen, VVD en FNP wolle dat de skoalle yn Akkrum Súd-west komt. Jonkers is ien fan de oprjochters fan Gemeentebelangen Boarnsterhim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)