Wethâlder tsjin glêstúnbou

16 apr 2004 - 00:00

Der moat gjin útwreiding komme fan de glêstúnbou op It Bilt, fynt wethalder Hornstra fan dy gemeente. De provinsje wol yn Noardwest-Fryslân in útwreiding fan glêstúnbou mei nochris 450 bunder.

Op It Bilt is in diskusje oer de glêstúnbou geande. Foarstanners sjogge ekstra wurkgelegenens, tsjinstanners binne bang dat it iepen lânskip ferdwynt. Hornstra fynt dat glêstúnbou in foarm fan yndustry is en in plakje krije moat op de Westergosône.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)