Wethâlder SWF wol inkeld enerzjyneutrale nije wenten

07 mrt 2016 - 20:29

Wethâlder Gea Akkerman wol dat yn Súdwest-Fryslân allinnich noch mar wenten boud wurde dy't enerzjyneutraal binne. Dat hâldt de wenningmerk yn Súdwest-Fryslân oantreklik en takomstbestindich, leit Akkerman út. Bewenners fan enerzjyneutrale wenningen hawwe gjin enerzjykosten.

Akkerman sil moandeitejûn op in gearkomste yn Snits oer duorsumens wenningkorporaasje Elkien oproppe kommend jier mei te wurkjen oan it bouwen fan enerzjyneutrale wenten.

Akkerman ropt Elkien op yn petear te gean mei oare wenningboukorporaasjes, boubedriuwen en makelers. Se wol mei Elkien de útdaging oangean om yn 2020 inkeld noch mar enerzjyneutrale wenten te bouwen dy't goed te beteljen binne. Enerzjyneutraal wenjen is ien fan de wichtichste punten fan de nije wenfisy dêr't Súdwest-Fryslân de kommende moannen oan wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)