Wethâlder Smellingerlân ferbjustere oer wegerjen stazjêr

20 nov 2015 - 13:21
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Wethâlder Nieske Ketelaar fan Smellingerlân is ferbjustere oer it wegerjen fan in stazjêr troch in Drachtster bedriuw. Lânboumeganisaasjebedriuw De Boer út Drachten wegeret de 25-jierrige studint Bas van der Meer as stazjêr, omdat hy der foar útkomt dat hy homo is. 

De Boer makket him skuldich oan diskriminaasje
"Dit mei en dit kin net", seit Ketelaar. Sy sil it bedriuw op syn wetlike ferantwurdlikheid oansprekke. Neffens it gemeentebestjoer makket it bedriuw him skuldich oan diskriminaasje. 

De gemeente skriuwt yn in offisjele reaksje: "Onlangs wapperde de regenboogvlag bij onze gemeentelijke gebouwen in het kader van Coming Outday. Daarmee draagt het gemeentebestuur uit dat wij ervoor staan dat onze homoseksuele, lesbische, biseksuele en transseksuele inwoners in een veilige en respectvolle omgeving onderdeel uitmaken van onze samenleving en daar open over kunnen zijn. 

Dat statement mag geen loze kreet zijn. Daarom vind ik het mijn morele plicht om deze werkgever namens het college op zijn discriminerende gedrag aan te spreken en daarmee deze jonge inwoner van onze gemeente een hart onder de riem te steken", sa seit wethâlder Ketelaar. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)