Wethâlder skrikt fan sifers

12 aug 2009 - 20:23
  • Wethâlder Willem Sprik fan Gaasterlân-Sleat

Wethâlder Willem Sprik fan de gemeente Gaasterlân-Sleat sil tiisdei yn de fergadering fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fragen stelle oer de ôfstân fan it sikehûs nei it doarp Bakhuzen.

Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek docht bliken dat fan alle plakken op de fêste wâl, de ynwenners fan Bakhuzen it fierst reizgje moatte nei it sikehûs. De ôfstân is mear as 30 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)