Wethâlder Sjoerd Tolsma fuort by Súdwest-Fryslân

19 maaie 2015 - 11:24

Wethâlder Sjoerd Tolsma fan de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt per 1 july de nije direkteur Wenjen, Wolwêzen en Soarch fan de KwadrantGroep. Tolsma wurdt yn syn nije funksje ferantwurdlik foar de ynkeap fan soarch en it oanstjoeren fan De Friese Wouden, Palet en Pasana Aldereinsoarch.

Tolsma is sûnt 2011 wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy hat dêr sûnenssoarch yn syn portefúlje. Derfoar wie er riedslid en fraksjefoarsitter fan de PvdA-fraksje yn de gemeente Snits. Tolsma hat wurke foar de gemeenten Snits en Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)