Wethâlder parearret krityk

10 maaie 2007 - 16:26
  • Waaijer: Ik haw net te sunich west

De rekkenkeamerkommisje yn de gemeente Harns hat min wurk levere. Dat fynt de opstapte wethâlder Waaijer fan Harns. De kommisje skreau dat syn belied net leauweardich en ûnbetrouber is. Dat akseptearret er net. Hy is no opstapt.

De kommisje wol it rapport net iepenbier meitsje. Oer trije wike praat de ried dêroer. Waaijer is benaud dat de kommisje mei in ôfswakte ferzje komt, om't se sels ynsjogge dat se better ûndersyk dwaan kind hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)