Wethâlder op twitterfyts

14 jun 2011 - 20:12
  • Boerema op de twitterfyts

Wethâlder Jelle Boerema fan Kollumerlân docht sûnt tiisdei syn wurk fytsend op de 'twitterfyts'. De oranje fyts fan de organisaasje 'Heel Nederland fietst' giet om de wike nei in oare twitterder, dy't oer syn ûnderfinings mei de elektryske twitterfyts berjochtet op www.twitter.com.

Doel is minsken bewust te meitsjen dat se de kar ha om de fyts te pakken as se fan hûs moatte. Steatssiktaris Joop Atsma hat de fyts ek yn gebrûk hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)