Wethâlder oerlibbet OZB-saak

11 sep 2001 - 00:00

Wethâlder Hermien de Haan fan Ljouwert hat de OZB-kwestje oerlibbe. Se moast har foar de gemeenteried ferantwurdzje foar har flaters. By it ynbarren fan 'e ûnreplik-guodbelesting binne ferkearde ynskattings makke. Dêrtroch rint de gemeente in protte jild mis.

De Nieuwe Leeuwarder Partij gie net akkoart mei de útlis. De Haan sil noch mei de partij om de tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)