Wethâlder oerlibbet moasje

28 sep 2010 - 00:09
  • Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Isabella Diks fan de gemeente Ljouwert hat moandeitejûn in moasje fan ôfkarring oer har rol yn it debakel fan De Harmonie oerlibbe. Sy moast tasizze dat se yn de takomst alle ôf- en tafallers fuortendaliks oan de ried fertelle sil en dat woe de wethâlder net.

Diks wist al yn maaie fan it grutte tekoart by it teater, mar kaam dêr ôfrûne wike pas mei nei bûten ta. Dat stekt de opposysjepartijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)