Wethâlder nei wike wer werom

20 okt 2009 - 16:07

Roel Ruben giet dochs troch as wethâlder fan de gemeente Ferwerderadiel. Foarige wike liet Ruben noch ûnferwachts witte dat er syn funksje dellizze soe. As reden waard opjûn dat de 59-jierrige PvdA'er problemen mei syn sûnens hat.

Hast in wike letter komt Ruben op dat beslút werom. Dat is bard nei "diepe gesprekken en zelfreflectie", sa lit de gemeente witte. Ruben sels wie net berikber foar in taljochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)