Wethâlder mei strafblêd

12 maaie 2010 - 10:53

Marten van der Veen fan de FNP yn Achtkarspelen is ta wethâlder beneamd, hoewol't er yn Hongarije in strafblêd hat. Seis jier ferlyn waard er oan 'e grins arrestearre om sigarettesmokkel. Hy krige in boete fan 1700 euro, in heal jier selstraf op betingst en útsetting út Hongarije foar in jier.

It foarfal kaam by in ûndersyk nei de yntegriteit fan Van der Veen oan it ljocht. Hy hie it sels net melden, omdat er miende dat er allinne in boete krige hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)