Wethâlder Ljouwerteradiel oerlibbet moasje fan wantrouwen

02 apr 2015 - 12:11
  • De spoarfyts op in stikje proefrails

Wethâlder Van der Meulen fan Ljouwerteradiel hat tongersdei in moasje fan wantrouwen fan Gemeentebelangen oerlibbe. Reitze Ketellapper fan Gemeentebelangen kaam mei de moasje omdat de wethâlder neffens him ynformaasje achterhold oer de spoarfyts-plannen fan de NFLS tusken Jelsum en Stiens.

De wethâlder sei dat se gjin sifers hie, mar neffens Ketellapper hie se dy al in pear moanne. "De leugen regeart yn Ljouwerteradiel", sei Ketellapper by it yntsjinjen fan syn moasje. De moasje waard stipe troch 5 fan de 15 riedsleden.

De gemeenteried fan Ljouwerteradiel joech it kolleezje fan b. en w. tongersdei wol de opdracht om in 'startnotysje' te meitsjen oer de helberens fan de spoarfytsplannen tusken Jelsum en Stiens. Oer trije wike sil de ried fan Ljouwerteradiel op 'e nij oer de kwestje prate. It beslút om earst in startnotysje te meitsjen betsjut dat it net mooglik wêze sil om al de kommende simmer útein te setten mei it spoarfytsen, sa't de Noard-Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij graach wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)