Wethâlder Krol hâldt op

11 nov 2009 - 22:36
  • Wethâlder Gerrit Krol set in punt achter syn loopbaan

Wethâlder en loko-boargemaster Gerrit Krol fan Ljouwert hâldt nei de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier op as wethâlder. Dat hat hy woansdeitejûn bekend makke. De CDA'er is ferantwurdlik foar ûnder mear ûnderwiis, ferkear en ferfier en de finânsjes.

Takom jier wurdt hy 65 en ek al giet it no noch goed; Krol ferwachtet dat hy oars binnen ien of twa jier dochs ophâlde moat. Krol hat fan 1986 aktyf west yn de gemeentepolityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)