Wethâlder Hoen opstapt

02 feb 2010 - 08:15
  • Wethâlder Hoen is opstapt as wethâlder fan Opsterlân

Wethâlder Hoen fan Opsterlân is moandei opstapt. De opposysjepartijen en koalysjepartij Opsterlands Belang tsjinnen in amendemint yn oer it dossier Polderhoofdkanaal. De partijen woene dat in oar it dossier fan Hoen oernaam. De wethâlder sei dêrnei gjin fertrouwen mear te fielen en stapte op. De ûndersykskommisje Hermans kaam yn jannewaris mei in rapport oer de gong fan saken oangeande de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. Neffens de kommisje wie der te min rezjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)