Wethâlder Feitsma: Spitich as Psy-Fi út Ljouwert ferdwynt

13 nov 2015 - 19:54

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan de PvdA soe it spitich fine as der takom jier gjin Psy-Fi festival holden wurdt yn it Griene Stjer gebiet. De gemeente Ljouwert hat strangere regels oankundige dêr't de festival-organisaasje him folslein net yn fine kin. Freedtemiddei waard bekend dat it festival net werom komt nei Ljouwert.

Feitsma fynt Psy-Fi artistyk sjoen tige ynteressant om't it him ûnderskiedt fan oare kulturele eveneminten. Mar de wethâlder wol ek de omwenners fan it festivalterrein tefreden hâlde.

Dit jier binne der by de gemeente goed 200 klachten binnen kaam oer lûdsoerlêst. Dêrom binne de regels foar muzyk no oanpast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)